Van der Molen: "Regearakkoart prima te ferdigenjen"

16 okt 2017 - 19:56

It regearakkoart fan it nije kabinet Rutte is prima te ferdigenjen, al hawwe alle fjouwer partijen wol wat ynleverje moatten. Dat sei CDA-Twadde Keamerlid Harry van der Molen moandei yn polityk programma It Polytburo fan Omrop Fryslân Telefyzje. Sa is Van der Molen is net iens mei it weed-eksperimint, wêrby't by wize fan proef de tylt fan weed legaal wurdt. Hy toande him foarstanner fan it learen troch skoalbern fan it Wilhelmus, en - yn Fryslân - ek fan it Fryske folksliet.

Van der Molen wol net yn it nije kabinet. De Ljouwerter is no sân moanne lid fan de Twadde Keamer, en wol him dat fak earst mear eigen meitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)