VNN: "Ferslaving moat mear besprekber wurde"

16 okt 2017 - 17:30

In soad minsken mei in ferslaving sykje gjin help, omdat der noch altiten in taboe op leit. Om dy situaasje te ferbetterjen bondelet Verslavingszorg Noord-Nederland de krêften mei sân oare ynstellings foar ferslavingssoarch yn hiel Nederlân. De organisaasjes wolle de ferslavingsproblematyk mear bekendheid jaan. Sa moat it taboe fan ferslavings ôfgean, sa't dat ek mei depresjes bard is, seit Eveline Molenaar fan Verslavingszorg Noord-Nederland. Oer it algemien skamje minsken harren foar harren ferslaving. Dêrom wurdt der net oer praat en gean minsken net gau yn behanneling. Mar trije prosint fan de ferslaafden siket help.

De bondeling fan krêften wurdt dien yn ferskate groepen. Sa is der in groep dy't him bûge sil oer ûnderwiis, opliedings en saakkundigens. In oere groep giet oer stigma's. Wat is in stigma en binne minsken harren derfan bewust as se in foaroardiel tsjin ferslavings en ferslaafden hawwe? Dat se minsken in stimpel op drukke? Wer in oare groep sil dwaande mei betide sinjalearring en previnsje. Neisten, in húsdokter en in wykteam spylje dêr in rol yn. Kostebesparring is net it úteinlike doel fan de nije oanpak, mar troch oer it hiele lân te sjen wat de bêste behanneling is is dat wol mooglik.

Trefwurden: 
Ferslavingssoarch VNN
(advertinsje)
(advertinsje)