Duke en Scott jouwe Hielke en Sietse nij libben

16 okt 2017 - 17:27

De skippers fan de Kameleon binne hielendal werom. De lêste Kameleon-film is alwer fan in skoft lyn, mar op it stuit makket regisseur Steven de Jong in searje oer it duo. Mei in nije twilling as Hielke en Sietse. Se wurde spile troch Duke en Scott Huisman út Waddinxveen, sy binne fan takom maitiid ôf de gesichten fan de nije Kameleon-searje. Steven de Jong spilet ek wer de rol fan heit Klinkhamer.

De Kameleon hat de lêste jierren wat ynleverje moatten kwa populariteit, mar dochs hopet Steven de Jong dat dizze searje de skippers wer hielendal werom bringt. De draaidagen sitte der hast op. Yn de maaitiid is de searje te sjen op NPO 3.

(Advertinsje)
(Advertinsje)