Neisimmerwaar yn oktober: sânkastiel bouwe en terraske pakke

16 okt 2017 - 17:17

It útsûnderlik moaie waar foar dizze tiid fan jier hâldt moandei in soad minsken yn 'e besnijing. Mei temperaturen flink boppe de 20 graden nûget it waar ek út om simmerske dingen te dwaan. Sa sieten de terassen fol, makken in soad minsken noch in fytstochtsje en sochten guon sels in strân op. "We wolle echt de lêste fitamines foar de winter noch eefkes opdwaan" seit ien. In pake en beppe yn koarte broek bouden sels sânkastielen mei de bernsbern op it strantsje as wie it simmer. In Ljouwerter hie it krekt it skaad wat op socht: "Ik hou niet su fan de son. Om my kin der wel in pak sneeuw komme en in elfstedentocht".

Trefwurden: 
neisimmerwaar
(Advertinsje)
(Advertinsje)