Ynbrekkers sette taap iepen: 500 liter bier fuortspield

16 okt 2017 - 16:54

Frijwilligers fan de Ljouwerter fuotbalklup LAC Frisia moasten dit wykein in flinke tebeksetter ferbite. Yn de nacht fan freed op sneon waard der ynbrutsen yn de kantine en yn de materiaalhokken. De ynbrekkers rjochten in grutte ravaazje oan. Sa waard ûnder mear de taap iepenset, wêrtroch't goed fiifhûndert liter bier fuortspield is. Fierders hawwe de dieven in mingpaniel, drank, fuotballen en klean meinaam.

"Moarns om kertier oer sânen wie de earste frijwilliger der. Dy hie fuortendaliks yn de gaten dat der wat mis wie. Yn de kantine lei allegearre glês. De ynbrekkers hiene blikjes bier en snobbersguod meinaam en de biertaap iepenset. Al it bier hawwe se gewoan fuortrinne litten. Dat is gewoan skande", seit foarsitter Sieds Rienks fan LAC Frisia.

"Jo dogge allegearre mei-inoar jo bêst om de klup der sa goed mooglik foarstean te litten. Ferline wike hawwe wy ús akkommodaasje opnij iepene. Wy hawwe in nij keunstgersfjild mei ferljochting. It leit der allegearre pikobello by. En dan binne der in pear fandalen dy't miene dat se oan in oar syn spul komme moatte en dy't de boel ferniele. Dat is oesa skande, want it is allegearre frijwilligerswurk en soks stimulearret fansels net", seit Rienks.

De ynbraak betsjut foar de fuotbalklup in behoarlike skeapost. Der is in rút yntrape en trije doarren binne fernield. Rienks: "De klup is fersekere, mar it eigen risiko moatte wy fansels wol betelje."

Fan de dieders ûntbrekt noch elk spoar. De plysje hat sneontemiddei spoare-ûndersyk dien. "Wat lokaasje betreft lizze wy fansels wol wat op it fuottenein. Mar de befeiliging hawwe wy foarinoar. Wy hawwe kamerabylden. De ynbrekkers stean derop en de plysje hat dy bylden ek al besjoen. De plysje hat frege it byldmateriaal op te stjoeren. Dan kinne se it mei bettere apparatuer besjen."

Minsken dy't mear witte oer de ynbraak, wurdt fersocht kontakt op te nimmen mei de plysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)