Sûnensmonitor: Friezen faker iensum en depressyf

17 okt 2017 - 06:05

Friezen binne faker iensum en depressyf. Dat docht bliken út de sûnensmonitor fan de GGD Fryslân oer 2016. GGD Fryslân hat ûndersyk dien nei de sûnens fan de Fryske befolking fan 19 jier en âlder. Undersykster Marijke Teeuw jout taljochting.

Hoe kin it dat we in gruttere kâns hawwe om depressyf te wurden?

"Dat jildt foaral foar de leeftiid 19-35 jier. It ûnderwerp hat de lêste tiid in soad omtinken hân yn 'e media, sa as burn-out. It kin wêze dat der dêrom minder in taboe op is en minsken it faker doare te sizzen. De drege jierren mei krisis, soargen oer jild en wurk, kinne noch trochwurkje."

It tal Friezen mei in ferhege kâns op depresje is wat tanaam yn ferliking mei 2012. Twa op de fiif Friezen rint matich oant heech risiko op in depresje. Seis prosint fan de Friezen hat wolris oan selsmoard tocht. By jongere minsken is dat acht prosint. By minsken dy’t gjin wurk ha of net wurkje kinne is dat tweintich prosint.

En hoe sit dat mei iensumheid?

"We hawwe it net allinnich oer âlderen. It spilet by alle leeftiden, foaral de emosjonele iensumheid: it ferlet om in hechte bân te hawwen mei elkoar. Sosjale iensumheid komt foaral by âlderein foar. Se moatte langer thús wenjen bliuwe, famyljes wenje fierder fuort."   

Hast ien op de tsien Friezen is slim iensum: 43 prosint fan de Friezen is sosjaal iensum en 28 prosint is emosjoneel iensum. Wat heger oplaat wat minder iensum oft de minsken binne. 

Hoe sit it mei de lichaamlike sûnens fan de Friezen?

"Ien op de fiif Friezen smookt dus. Dat is wol minder wurden, op de leeftiidsgroep 19-35 jier nei."

Ien op de tsien Friezen drinkt tefolle alkohol. Yn de leeftiidsgroep fan 50 oant 75 sitte de measte oermjittige drinkers. Hast ien op de tsien Friezen is in swiere drinker, de measte binne te finen yn de groep tusken 19 en 35 jier.

En hoe sit it mei oergewicht?

"Mear as de helte fan de Friezen is te swier. It goede nijs is dat dit tal no stabyl bliuwt. It groeit net mear hiel bot. Mar it bliuwt in grut probleem, want in hiel soad sûnensklachten hawwe te krijen mei it te swier wêzen."

Goed in tredde hat matich oergewicht en goed in tsiende obesitas. Mannen binne faker te swier as froulju, mar by froulju komt obesitas faker foar. Friezen rinne dêrmei lykop mei de rest fan Nederlân. It persintaazje is net feroare yn ferliking mei fjouwer jier lyn.

Binne de Friezen net hiel sûn?

"Nee, dat falt ta. De Friezen fiele harren yn alle gefallen wol hiel sûn: 4 op de 5.  Ek skoart Fryslân gemiddeld wol better as de rest fan Nederlân."

Oer it generaal binne Friezen tefreden oer har libben, 94 prosint jout dat oan. Fjouwer op de fiif Friezen ûnderfynt de sûnens as (hiel) goed. Yn ferliking mei it lanlike gemiddelde binne Friezen wat positiver. It meast posityf is de groep tusken de 19 en 35 jier. Minsken mei in lege oplieding en sûnder wurk binne minder posityf oer har sûnens. 

Foar de sûnensmonitor binne goed 30.000 minsken útnûge. Dêr kaam in respons op fan 43 prosint, dat komt del op 13.419 reaksjes. Krekt wat mear froulju (55 prosint) as manlju (45 prosint) ha reagearre. It foarige ûndersyk is yn 2012 útfierd. De resultaten binne represintatyf en jouwe in dwerstrochsneed fan de sûnensssituaasje fan de Fryske befolking.  De ynformaasje wurdt brûkt om belied fan te meitsjen. It ûndersyk is foar gemeenten útsplitst. Gemeenten hawwe in gruttere taak krigen en kinne mei de útkomsten bygelyks mei iensumheid oan 'e slach. De GGD hat in sinjalearringsfunksje.

(advertinsje)
(advertinsje)