Smoardronken man rydt lampepeal om: 40 oeren wurkstraf
In man út Drachten hat in wurkstraf fan 40 oeren krigen, omdat er mei in soad drank op achter it stjoer stapt wie. De fertochte hie acht fleskes bier, acht bearenburch-cola's en in pear glêzen wisky achter de knopen, sei er sels. Under ynfloed dêrfan hie er in lampepeal omriden. De man hie it op in sûpen set, omdat er lêst hie fan in depresje en syn relaasje stikken gien wie. Hy hat ûndertusken help socht.
De offisier fan justysje en de rjochter fûnen de saak te slim foar in boete. Dêrom krige er in wurkstraf. De Drachtster mei foarearst ek net autoride.