Syryske tigers oankaam yn opfang Felida Nijeberkeap

Twa jonge tigers út Syrië binne moandeitejûn oankaam yn opfangsintrum Felida Big Cat Centre yn Nijeberkeap. Se sitte dêr yn in binnenferbliuw. Se hawwe ek al efkes bûtendoar west, seit in wurdfierster fan it opfangsintrum
De traumatisearre tigers binne rêden út de bistetún Magic World by Aleppo. It gebiet dêr is slim troch de oarloch teheistere. Nei harren rêding binne de tigers opfongen yn Jordanië en doe op it fleantúch nei Nederlân set. Op Skiphol binne se earst nei it Dierenhotel brocht. Dêr moasten allerhande dokuminten ynfolle wurde, earder mochten se it lân net yn. Yn Nijeberkeap dêr't se no oankaam binne, krije Sultan en Sayeeda rêst en medyske fersoarging. Dy moat harren trauma's en eangsten ferminderje.
De opfang fan Felida is net tagonklik foar publyk. As de tigers nei twa jier wer wat better binne, gean se nei alle gedachten nei in reservaat yn Súd-Afrika.