Wurk oan de dyk: omride by sikehûs MCL

16 okt 2017 - 15:38
Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Minsken dy't sneon of de dagen dêrnei nei sikehûs MCL yn Ljouwert wolle, moatte rekken hâlde mei ekstra reistiid. Der wurdt dan oan de dyk wurke. Foar it ferkear dat nei de spoedeaskjende help moat, is der in spesjale rûte. Oar ferkear wurdt omlaat. It sikehûs bliuwt foar bussen en taksys berikber.

It wurk duorret mei-inoar fan sneon 21 oktober oant en mei moandeitemoarn 30 oktober. Fan moandei 23 oant en mei freed 27 oktober kriget de Henri Dunantweg in nije asfaltlaach. Ferkear dat fan de Henri Dunantwei nei it sikehûs wol, wurdt omlaat oer ien rydbaan op de Aldlânsdyk. De auto's ride dan 'in rûntsje' om op it parkearterrein by it MCL te kommen. Om dat yn goede banen te lieden, stean der ferkearsljochten en der wurdt ek in ferkearsregeler ynset.

Trefwurden: 
MCL
(Advertinsje)
(Advertinsje)