Bosk by útsjochtoer Belvedère ticht om stikkene spyl

16 okt 2017 - 14:54

De útsjochtoer Belvedère yn Oranjewâld is sûnt snein ôfsletten. Oanlieding is in stikkene betonnen spyl boppe op de 30 meter hege toer. As dêr ien tsjinoan skopt, kin er nei ûnderen ta falle. Besikers makken de gemeente snein attint op de skea. Dy besleat de tagongen ta de toer en nei de bosk dêromhinne fuortendaliks ôf te sluten. Tiisdei sil de Monumintewacht ûndersykje hoe grut oft de skea krekt is. Oant dúdlik is wat der krekt oan de hân is, bliuwt de monumintale toer út 1924 ferbean terrein.

Trefwurden: 
bosk útsjochtoer Oranjewâld
(advertinsje)
(advertinsje)