Frjentsjerteradiel hat soargen oer drankgebrûk jongeren

Frjentsjerteradiel hat positive reaksjes krigen op de hûs-oan-hûsbrief fan de gemeente oer it drankgebrûk by jongeren. Dat seit wethâlder Caroline de Pee. Neffens har binne guon âlden bliid mei de brief, want sa ha se in reden om de eigen bern der op oan te sprekken. Ek fanút de jongerein sels komme neffens De Pee reaksjes.
De gemeente makket him grutte soargen oer it drankgebrûk by jongeren. Oanlieding binne de Agraryske Dagen, ein septimber, dêr't fjouwer minderjierrigen siik waarden fan de drank. Frjentsjerteradiel tinkt ek nei oer maatregels om it tafersjoch op bygelyks doarpsfeesten stranger te meitsjen.