Wer in model út Boarnwert: Marco Hiemstra

16 okt 2017 - 14:02

Hy komt fan Boarnwert, is in boeresoan en spilet fuotbal. En hy is model. En nee, it is net de broer fan Holland's Next Top Model Akke Marije Marinus, dy't ferline jier de modellewedstriid wûn. Dizze nije stjer hyt Marco Hiemstra. Fan 't wykein siet er by de lêste tsien fan de Elite Model Look. "It wie in superdei, mar ik bin net earste wurden," fertelde er yn De Middei fan Fryslân. In healjier lyn wienen yn it hiele lân castings fan it modelleburo en twa wiken lyn stie er mei 30 jonges yn de finale en waard er sels by de lêste tsien keazen.

"It is jammer dat ik net earste wurden bin, oars hie ik nei de ynternasjonale finale fan Milaan kinnen. Wol meitsje ik hjoed noch kâns op in kontrakt mei it buro. Mar ik ha noch neat heard, dus dat is wol spannend. Ik hoopje it wol, want ik fûn it in leuk buro mei leuke minsken." Shows rinne liket Marco moai om te dwaan, mar "yn in tydskrift stean liket my ek fet. Dy wrâld sprekt my wol oan."

(advertinsje)
(advertinsje)