Park Oranjewâld út foarsoarch ticht om omwaaide beam

16 okt 2017 - 13:49

De grutte beam dy't oardel wike lyn by in hjerststoarm omwaaide yn it kuierpark De Overtuin yn Oranjewâld wurdt tiisdei opromme. De beam waaide op in skuorre mei in skoarstien, dêr't mooglik asbest yn sit. Om der wis fan te wêzen dat der gjin gefaar is foar besikers fan it park, is in diel fan it park troch de gemeente Hearrenfean foar it publyk ôfsletten.

Trefwurden: 
beam stoarm Oranjewâld
(advertinsje)
(advertinsje)