Koart brân yn studinteflat, studint krijt reek binnen

16 okt 2017 - 13:43

Yn in studinteflat oan de Ubbo Emmiusleane yn Ljouwert hat moandei tusken de middei koart brân west. Ien fan de bewenners ûntduts dat in gong op de fiifde ferdjipping fol reek stie. De studint warskôge dêrop de oare bewenners fan de apparteminten oan dy gong, sadat dy nei bûten gean koene. By oankomst koe de brânwacht it fjoer flot blusse. Wat der krekt yn 'e brân stie is net bekend. De studint dy't de brân ûntduts hie reek ynazeme en is dêrom behannele troch personiel fan in ambulânse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)