Tûzenen euro's skea troch disel yn benzinetank yn Ljouwert

16 okt 2017 - 13:31
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Tsientallen eigeners fan benzine-auto's hawwe harren melden by Shell, nei't se ferline wike disel tankt hiene by it Express tankstasjon oan de Oostergowei yn Ljouwert. By it byfoljen fan de opslachtanks is per ûngelok disel yn de benzinetank kaam. De opslachtank is yn it wykein leechpompt en skjinmakke. Moandeitemoarn koe it tankstasjon wer iepen.

Neffens Shell kinne bestjoerders harren by de klanteservice fan it bedriuw melde en wurdt de skea fergoede. Dy rint yn de tûzenen euro's. It bedriuw siket út, hoe't der disel yn de benzinetank komme koe.

Trefwurden: 
disel benzine Shell Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)