Ferkear moat bot wenne oan nije sitewaasje by De Jouwer

16 okt 2017 - 13:03

Hoe giet it mei it ferkear op knooppunt De Jouwer? De âlde rotonde is ferfongen troch nije fly-overs en dy binne sûnt moandei yn gebrûk. "Minsken moatte even wenne, sjochst no sykgedrach" seit omjouwingsmanager Dirkjan Lepstra. "We binne alles noch oan it ynregeljen. De buorden steane der al foar in faze dy't we no oan it tarieden binne. Dat is in faze tusken ôfrûne sneon en no yn. We hoopje dat moandeitejûn dizze tydlike sitewaasje klear is." Mei ferkearsregelers wurde automobilisten begelaat.

Ofrûne sneon koenen minsken in lêste rûntsje oer de rotonde meitsje. It ferkearsplein is de lêste sneldykrotonde fan Nederlân.

Trefwurden: 
De Jouwer ferkear
(advertinsje)
(advertinsje)