Boadskip fan David Petraeus: begjin in eigen bedriuw

Fryslân moat ynsette op lytse startende bedriuwen, saneamde start-ups. It is in goede basis om te ynnovearjen. Dat sei de Amerikaanske âld-generaal en âld-CIA baas David Petraeus moandeitemoarn by in sprekbeurt yn Ljouwert. Petraeus, dy't Fryske woartels hat, wie útnûge troch FB Oranjewoud om te sprekken foar studinten fan de Stenden Hegeskoalle, de Thorbecke Academie en de NHL. Petraeus fynt dat Fryslân in foarbyld nimme moat oan Israel. Dêr wurdt bot ynset op startende bedriuwen. Dat smyt neffens him in soad fernijende ideeën op dy't de ekonomy sterker meitsje. Oer de Amerikaanske presidint Trump liet er him net út. Utsein dat er fertrouwen hat yn it feilichheidsteam om Trump hinne.
Petraeus komt fan Pieters
It fûns FB Oranjewoud is fuortkaam út de neilittenskip fan de eardere Friesland Bank. It fûns wol faker fan dit soarte sprekkers nei Fryslân helje. It doel is om de provinsje oantrekliker te meitsjen en studinten fêst te hâlden. De ekonomy kin op dy wize sterker makke wurde, sa tinkt bestjoerslid Jorrit Volkers. Foar him kaam in lang koestere winsk út. Hy hat seis jier dwaande west om Petraeus, fan wa't de heit fan Frjentsjer komt, nei Fryslân te heljen. It ôfrûne wykein hat de âld-generaal op besite west yn de stêd der't syn roots lizze. Ek is foar him útsocht wêr't syn namme weikomt. Dy stamt út 1647 doe't syn foarâlden de namme feroaren fan Pieters yn Petraeus.