Nij boek oer Foppe de Haan komt meikoarten út

Foppe de Haan © AWfoto
'Foppe de Haan - een leven lang voetbaltrainer' is in nij boek oer de âld-trainer fan SC Hearrenfean. It boek ferskynt heal novimber en is skreaun troch Menno Haanstra, dy't earder in boek skreau oer reedrider Jan Ykema. Yn it boek beskriuwt er hoe't Foppe opgroeide sûnder gas, wetter en ljocht en letter omgie mei fuotballers mei horloazjes fan 80.000 euro. Foppe bleau gewoan yn in abnormale wrâld.
Foppe de Haan hat mar ien driuw: oaren foarút helpe en better meitsje. De auteur prate foar syn boek mei Foppe de Haan, mar ek mei ûnder oare Ruud van Nistelrooij, Gertjan Verbeek, Klaas-Jan Huntelaar en Riemer van der Velde. Ut de petearen komt in trainer nei foaren dy't syn tiid fier foarút wie.