Drachtster sikehûs hat primeur mei kompostearmasine

16 okt 2017 - 12:04

Nij Smellinghe yn Drachten hat as earste sikehûs yn Noard-Nederlân in kompostearmasine oanskaft. Mei de masine wol it sikehûs it iten dat oerbliuwt duorsum ferwurkje. It sikehûs docht al in soad om foar te kommen dat der iten fuortsmiten wurde moat, bygelyks troch sels iten te sieden. Dochs bliuwt it nei dizze maatregels noch mei in soad iten sitten.

Troch de kompostearmasine bliuwt der folle minder restôffal oer. Hjirtroch wurde der minder kosten makke foar it ôffieren fan it ôffal en hat de masine him yn 3 jier tiid weromfertsjinne, sa seit Lex Moerke, hoarekahaad by it Drachtster sikehûs. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)