Straf easke tsjin Hearrenfean-supporters om flagge FC Grins

16 okt 2017 - 11:36

Tsjin trije supporters fan SC Hearrenfean binne moandeitemoarn 180 oeren wurkstraf en selstraffen fan 2 oant 3 moannen ûnder betingst easke. Se moatte har moandei mei 8 oare Feanster supporters foar de rjochter ferantwurdzje foar in gewelddiedige rôf yn Grins. De groep berôve op 22 jannewaris in 24-jierrige supporter fan FC Grins fan de Fanatics-flagge. Se lutsen it slachtoffer fan de fyts en hy waard skopt en slein. Syn rêchsek mei deryn de flagge waard lossnien en meinaam.

It moast neffens de fertochten fan 23, 24 en 27 jier in ludike aksje wurde, mar dy rûn kompleet út de hân. Nei de stellerij hat de supportersgroep Groningen Fanatics himsels opheft. De Feansters krigen earder fan it fuotbalbûn KNVB in stadionferbod foar 3 jier, wylst de boargemaster har in omjouwingsferbod oplei. De rjochter docht tiisdei útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)