Manlju besykje Drachtster te oerfallen, plysje siket tsjûgen

16 okt 2017 - 11:16
Foto: Omrop Fryslân

De plysje yn Drachten siket twa dieders fan in mislearre wapene oerfal sneontejûn yn Drachten. De manlju rieden op in scooter en besochten om kertier oer njoggenen hinne op de Alde Slingewei in man te berôvjen. Dy hie krekt dêrfoar jild út de pinautomaat op De Drait helle. Se bedrigen it slachtoffer mei in mes en besochten him te stekken. De man ferdigene him en joech ien fan de oerfallers in hurde klap yn it gesicht. Dy naaiden dêrnei út. It slachtoffer rekke licht ferwûne oan syn hân.

Ien fan de oerfallers moat neffens de plysje ferwûningen oan syn gesicht hawwe. It giet om twa manlju op in swarte scooter mei opfallende oranje aksinten. Ien fan harren hie in helm op, de twadde hie in bivakmûtse oer de holle. Tsjûgen fan de mislearre oerfal kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Trefwurden: 
oerfal Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)