"It wie wol frjemd en skrikke fansels"

16 okt 2017 - 10:15

"It wie wol frjemd en skrikke fansels," fertelt Jonkers. Hy is ien fan de omwenners fan de Oosterwoldsewei yn Haulerwyk dêr't moandeitemoarn betiid besocht is om fia in plofkreak in pinautomaat fan de Rabobank op te blazen. "Ik hie krekt nei de wc west en hearde wat stimmen. Mar dat bart wol faker by de pinautomaat. Ik bin mar wer op bêd gien en doe gie de belle. Ik tocht dat sil jeugd wêze dy't oan it donderjeien is. Mar de belle gie mar troch dus ik tocht ik moat der mar ôf. Ik seach troch it rút en seach plysje mei bûslampen oan de oare kant skinen. Dus ik bin mar nei ûnderen gien. It boadskip wie sa gau mooglik út de hûs, want by de bank hongen de triedden ta de muorre út. Se tochten oan eksplosiven, dus moast der ûntromme wurde."

De omwenners binne earst nei de kantine fan de brânwacht brocht. "Dêr krigen we kofje en koene we wat bekomme." Dêrnei binne se opfongen yn wensoarchsintrum Sinnehiem.

(advertinsje)
(advertinsje)