"Halbe Zijlstra wurdt nije minister fan Bûtenlânske Saken"

16 okt 2017 - 09:52
Halbe Zijlstra (VVD) - Foto: ANP

Halbe Zijlstra fan Easterwâlde wurdt minister fan Bûtenlânske Saken yn it nije kabinet. Dat skriuwt De Telegraaf. Zijlstra is no noch foarsitter fan de VVD-fraksje yn de Twadde Keamer. Earder wie Zijlstra steatssekretaris fan Kultuer. Sosjale saken wie earder ek neamd as syn nije ministerspost, mar Zijlstra folget no PvdA'er Bert Koenders op.

Zijlstra soe de earste Frysktalige minister fan Bûtenlânske Saken wêze sûnt 1946. De lêste Frysktalige minister wie Eelco Nicolaas van Kleffens dy't minister fan Bûtenlânske Saken wie yn de perioade fan de Twadde Wrâldoarloch.

Trefwurden: 
Halbe Zijlstra minister
(Advertinsje)
(Advertinsje)