Omjouwing pinautomaat Haulerwyk wer frijjûn

16 okt 2017 - 09:25

De omjouwing fan de pinautomaat oan de Oosterwoldsewei yn Haulerwyk is moandeitemoarn om njoggen oere hinne frijjûn. Der wie yn de iere moarn in mislearre plofkreak op de pinautomaat, fuort neist in tankstasjon. Der bleau in eksplosyf achter. De Explosieven Opruimingsdienst hat it eksplosyf mei help fan in robot fuort helle en sil it ûndersykje. Sa'n tweintich bewenners fan tsien wenningen yn de buert fan de pinautomaat moasten fanwege it gefaar harren hûs út. Sy waarden opfongen yn wensoarchsintrum Sinnehiem, mar kinne no wer werom nei hûs.

Tsjûgen warskôgen de plysje. Sy seagen in Audi mei hege snelheid fuortriden. De plysje is dwaande mei in grutte syktocht nei de fertochten, mar der is oant no ta net ien oanhâlden.

Trefwurden: 
plofkreak Haulerwyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)