Kollum: "Boer of bûnscoach; jo sille it mar wêze"

"Trije wike lyn hie ik in feestje fan in ko. Dat heart miskien wat nuver, mar it wie al myn tredde kowefeestje, dus ik sjoch der net mear nuver fan op. Dit kear fierden we dat Droste 8, sa hjit de ko yn kwestje, de mylpeal fan in produksje fan 10.000 kilo fet en aaiwyt berikt hie. Yn de 3724 dagen dat se molken wie troch famylje De Groot hie se mar leafst 127.038 liter molke jûn, mei dêryn dus 10.000 kilo fet en aaiwyt. In prestaasje fan formaat, dus dat moast fierd wurde.
Sa'n kowefeestje is eins in soarte fan diploma-útrikking. De hiele boerefamylje, broers, sussen, buorlju, kollega's en freonen wiene útnûge. Fansels waard de stjer fan de jûn foar it moment suprême út it striehok weihelle. Dy deis hie de famylje wakker op har ompoetst. Se stie in bytsje skruten fan al dy oandacht te glimmen yn it midden fan it hok. Mei dêr achter de eigeners dy’t al like grutsk glommen.
Alderearst wie der in speech foar Droste 8, wêryn’t ferteld waard oer har libben fan keal oant ko. En no dus pensjonado. Want nei dizze unike prestaasje wie Droste 8 mei wolfertsjinne pensjoen gong. Alle dagen stiet se tsjintwurdich hearlik yn in striehok, om noch ien kear deis kalm nei de melkput te toffeljen foar it lêste restje molke dat se noch yn it jaar hat. In pensjoen sa’st dat elke ko tawinskest.
Wa't in kear by sa'n kowefeestje west hat, wit ien ding seker. Boeren binne leafhawwers pur sang. Se binne like grutsk op sa’n mylpeal fan harren kij as op harren eigen bern dy't ôfswimme meie foar swimdiploma A. Dit binne bedriuwslieders dy't better as wa dan ek harren personiel kenne. Dy't presys witte wannear't in ko foar it earst yn de melkput stie, wat se alle dagen jout en wat it betsjut as it bist twa kear mei de achterpoat lûkt. In boer kin syn swart-wite froulju better as syn eigen frou.
En toch tinke wy yn Nederlân allegear te witten hoe't it oars moat. Wy ha allegear in miening oer ús boeren. Sûnder oait ek mar in stap yn in stâl set te hawwen, roppe we dat kij alle dagen nei bûten moatte. Dat it fuortheljen fan de hoarnen op de kop sa skande is. Of dat kealtsjes ferplichte by de mem bliuwe moatte. Wy ha werklik wier gjin flau benul fan buorkjen, mar toch witte we it allegearre better.
Foarige wike waard bekend dat de ferplichte weidegang lang om let dan toch skrast is út it nije regearakkoart. Mar tagelyk wie der ek it nijs dat FrieslandCampina groppestâlen ferbiede wol. ‘Under druk fan de konsumint’, stie der yn datselde berjocht te lêzen. En dêr gean we wer. It earste ûnsinnige idee is noch mar krekt fan de baan, as it twadde domsinnige plan is al wer betocht.
‘Under druk fan de konsumint’. Allinnich al fan dit sintsje krij ik spontaan hooikoorts. De konsumint is sa stadichoan hear en master. Minsken dy’t der net foar leard ha, mar toch bepale wat in oar dwaan moat. Der binne yn Nederlân mar twa beroppen dêr’t net folle minsken foar leard hawwe, mar dêr’t elkenien ferstân fan hat. En beide begjinne se mei in B. Boer en bûnscoach. As it Nederlânsk alvetal spilet, wit hiel Nederlân thús op de bank wat Dick Advocaat dwaan moat. En benammen wat er fout docht. Want yn elkenien fan ús skûlet fansels in folle bettere bûnscoach as yn Dick Advocaat.
En sa giet dat mei buorkjen ek. Yn elk fan ús skûlet in bettere boer as de boeren dy’t der harren wurk fan makke ha. En dus krijt in boer alle dagen kommentaar. Mar bêste minsken; der is úteinlik mar ien dy’t echt wit wat it bêste is foar in ko. Nammentlik de ko sels. En dy kin dan miskien wol net prate, mar se lit alle dagen mei de hoeveelheid molke dy’t se jout presys sjen hoe’t se har fielt. Fljocht de molke der út, dan stiet der in tefreden ko yn ‘e stâl. Falt de opbringst tsjin, dan is der wat oan ‘e hân. In better medewerkerstevredenheidsonderzoek kinst as boer net krije.
Dus litte we ris oan Droste 8 freegje hoe’t sy tinkt oer ferplichte weidegang as it lân bûten dweiltrochwiet is en de rein mei bakken út ‘e loft komt. Oer it plan om kij de hoarnen op de kop te hâlden, sadat in oar dy feninich yn ‘e kont prikke kin mei dy skerpe punten. Of it idee om groppestâlen ôf te skaffen, om’t it sneu wêze soe dat kij fêst stean. Ik bin der wis fan dat har antwurd hiel swart-wyt is. Boe."