UPDATE: Eksplosyf fûn fan mislearre plofkreak yn Haulerwyk

16 okt 2017 - 06:19

Yn Haulerwyk is moandeitemoarn betiid besocht in plofkreak te dwaan op in pinautomaat fan de Rabobank oan de Oosterwoldsewei. De Explosieven Opruimingsdienst hat yn de pinautomaat in eksplosyf fûn. Dat is der mei help fan in robot út helle. Der wurdt no sjoen hoe't it eksplosyf stabyl hâlden wurde kin. Der wurdt foarsichtich wurke om't der in tankstasjon fuort neist de pinautomaat stiet. Sa'n tsien wenningen oan de Oosterwoldsewei binne ûntromme en tweintich, meast âldere, omwenners binne evakuearre. Se wurde opfongen yn wensoarchsintrum Sinnehiem. De plysje hat it gebiet ôfset.

Ien fan de omwenners, Jelle Sikma, moast syn hûs ek út. "Om trije oere stie de plysje oan de doar. Se hienen in koart en dúdlik boadskip: der wie in eksplosyf yn de automaat dus we moasten fuort wêze en ôfstân hâlde. We ha gau wat oan dien en binne út hûs gien."

Neffens de plysje wie de mislearre plofkreak koart nei 03.00 oere. Omwenners hearden stimmen en se hearden ek in auto útnaaien. Se alarmearren de plysje en dy seach dat der knoeid wie mei de pinautomaat. De plysje is dwaande mei in grutte syktocht nei de fertochten, mar der is oant no ta net ien oanhâlden.

In filmke fan de plysje oer it ûndersyk nei de mislearre plofkreak yn Haulerwyk:

(Advertinsje)
(Advertinsje)