Spitse en Folkertsma nei Eastenryk foar oefenynterlân

En wer wie Sherida Spitse tige wichtich foar de Oranjefroulju © AW foto
Twa Fryske fuotbalsters reizgje moandei ôf nei Eastenryk foar in ynternasjonale oefenwedstriid. It giet om Sherida Spitse fan Snits en Sisca Folkertsma fan Sleat. It Nederlânsk frouljusalvetal komt tongersdei yn aksje tsjin de seleksje fan Eastenryk. Dêrnei begjinne de froulju de kwalifikaasjewedstriden foar it wrâldkampioenskip fan 2019, dat yn Frankryk spile wurdt.
Yn it earste duel yn de kwalifikaasjepûl spilet Nederlân yn Grins tsjin Noarwegen.