Fotografybeurs yn popsintrum Neushoorn

15 okt 2017 - 18:57

Om't der gjin beurs yn Fryslân foar fotografen wie, wurdt ûnder de namme C-Leeuwarden in fotografybeurs hâlden. Snein wie yn Ljouwert de tredde edysje, no foar de twadde kear yn popsintrum Neushoorn. It doel dêrfan is om fotografen en belangstellenden mei-inoar yn kontakt te bringen en mei apparatuer en opliedings bekend te meitsjen. Der kamen, nettsjinsteande it moaie waar, sa'n 250 minsken op de fotografybeurs ôf. C-Leeuwarden is ûnderdiel fan it FryslânPhoto Festival dat noch oant en mei 29 oktober yn Ljouwert plak fynt.

De minsken koenen dêr ûnder oaren sels swart/wytfoto's ûntwikkelje yn in tsjustere keamer. Neffens de organisaasje de grutste fan Nederlân. In oantal fotografen fertelde op de beurs oer harren wurk. Ien dêrfan wie Fotograaf des Vaderlands Robin de Puy, bekend fan De Wereld draait door en fan har wurk yn bygelyks de Volkskrant en Elle. Ek makke se op har reis troch Amearika rûge portretfoto's, sa't se sels seit. Fan dy reis is in dokumintêre makke. Robin's Road Trip is nominearre foar in Emmy Award. Sy dielde yn Neushoorn har fyzje op portretfotografy en fertelde oer har wurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)