FIDEO: Neisimmerwaar yn de provinsje

15 okt 2017 - 17:33

Wy binne alwer healweis oktober, mar dêr wie snein yn Fryslân noch neat fan te fernimmen. It is snein hearlik neisimmerwaar yn de provinsje. Yn Fryslân wie it hast oeral yn de provinsje noflik boppe de 20 graden. Dat betsjutte ek dat de measte minsken der noch efkes tuskenút gienen. Sa wienen der bygelyks in soad minsken op it strân fan Harns. En, gelokkich bliuwt it ek noch efkes waarm. Moandei wurdt it yn Fryslân wer tusken de 21 en 23 graden.

Trefwurden: 
waar neisimmer Harns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)