Sander Arends wint ATP Challenger yn Italië

Sander Arends © Omrop Fryslân
Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat snein yn Ortisei (Italië) in ATP Challenger wûn. Tegearre mei syn maat Antonio Sancic út Kroäsië waard yn in supertiebreak de winst pakt mei 13-11, tsjin it duo Jeremy Jahn en Edan Leshem. Arends en Sancic pakten ienfâldich de earste set, mar moasten de twadde mei 7-5 ôfstean oan de tsjinstanners. Yn de supertiebreak waard it ferskil pas let makke, mei troch inkelde aces gie de titel úteinlik wol nei it Frysk-Kroatyske duo.
Troch de winst yn Ortisai docht Arends goede saken foar de wrâldranglist. De Ljouwerter makket sa stadichoan jacht op in plak by de bêste hûndert dûbeldspilers. Takom wike spilet de Ljouwert yn it Dútske Ismaning. Dêr is hy as earste pleatst, tegearre mei syn maat Kevin Krawietz.