SCO wint nei spannende slotfaze fan HKV/Ons Eibernest

© Peem Media - Gerrit Jan Prakken
Kuorbalklup SCO fan Aldeholtpea hat sneintemiddei yn de wedstriid tsjin HKV/Ons Eibernest úteinlik de oerwinning pakt. Op it kuorbalfjild yn Aldeholtpea waard it 22-21 yn it foardiel fan de thúsploech. Spannend wie it tsjin de ein fan de wedstriid noch wol. SCO kaam al gau op in flinke foarsprong, mar moast tasjen hoe't de gasten út Den Haag weromkamen. It lêste sinjaal fan de skiedsrjochter kaam foar de thúsploech op it goeie momint.
Troch de winst bliuwt SCO koprinner yn de haadklasse A.