Lykspul foar Snits Wyt Swart en VV Hearrenfean

15 okt 2017 - 16:08
In eardere wedstriid fan Snits Wyt-Swart - Foto: awfoto.nl

Snits Wyt Swart hat yn de sneinshaadklasse in punt oerhâlden oan it duel mei RKAVV. Tsjin de ploech út Leidschendam spilen de Snitsers mei 0-0 lyk. Grutte kânsen ûntbrutsen yn de wedstriid op de fjilden fan Snits, benammen de earste helte wie meager. Takom wike moat Snits Wyt Swart it opnimme tsjin Silvolde, in klup út de Achterhoek.

Foar VV Hearrenfean wie der snein it earste punt. Yn Delft spilen de Feansters mei 1-1 lyk tsjin DHC. Doelpuntemakker oan de kant fan VV Hearrenfean wie Kevin Regts.

(Advertinsje)
(Advertinsje)