Arjen van der Grijn keninklik ûnderskieden

15 okt 2017 - 15:36

Arjen van der Grijn fan Grou is sneintemiddei yn Snits keninklik ûnderskieden. Ut hannen fan boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert krige er de ûnderskieding offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Van der Grijn waard ûnderskieden fanwegen syn bysûndere kulturele fertsjinsten. Bygelyks foar syn bydragen oan Van Kooten en de Bie, mar ek foar Jiskefet, Klokhuis en oare telefyzjesearjes en spylfilms.

Spesjaal omtinken hie boargemaster Crone foar de bydragen fan Van der Grijn oan it Fryske kulturele libben.

(advertinsje)
(advertinsje)