"De Friese Troedeboer" Piter Wilkens ferfangt Jan en Anny

De Fryske sjonger en lietskriuwer Piter Wilkens ferfangt sneintemiddei de BZN-artysten Jan Keizer en Anny Schilder by in optreden op it Oktoberfest yn Wytmarsum. De Volendammers seinen dat op it lêste momint ôf, omdat Anny gjin stim mear hat.
De organisaasje siet behoarlik yn de nederklits doe't se ôfbellen, seit Eppie Otter fan it Oktoberfest. Hy hie eins net ferwachte dat it slagje soe om yn tolve oeren tiid in nije artyst te finen.
Foarich jier gong it optreden fan Jan en Anny yn Wytmarsum ek al net troch, doe fanwege sykte by Jan Keizer. As kompensaasje kin elkenien sneintemiddei fergees de feesttinte yn. It optreden fan Piter Wilkens begjint om 17:00 oere.