Telefyzjeprogramma nominearret Frysk taalûndersyk foar priis

15 okt 2017 - 14:08

It taalûndersyk Stimmen fan Fryslân fan de Noarske ûndersykster Nanna Haug Hilton is nominearre foar de Klokhuis Wetenschapsprijs fan 2017. Mei dy priis wol it telefyzjeprogramma Het Klokhuis bern breder bekend meitsje mei wittenskiplik ûndersyk.

As Nanna de priis wint, komt der in ôflevering fan Het Klokhuis oer har ûndersyk. Der binne njoggen oare ûndersiken nominearre. De sjuery bestiet út 16 bern en de redaksje fan Het Klokhuis. ​Ferline jier waard de priis foar it earst útrikt.

Stimmen fan Fryslân

Nanna is ûndersykster oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Mei help fan de Friezen ûndersiket se de farianten dy't de Fryske taal hat. Dêrmei moat it mooglik wurde om yn de takomst ek yn it Frysk spraakopdrachten te jaan oan de kompjûter.

Al mear as 10.000 minsken ha de app op de telefoan setten. Dy is nedich is om mei te dwaan oan it ûndersyk. In dialektkwis op de webside fan Omrop Fryslân is ek al tûzenen kearen ynfolle.Yn 2018 wurde de ûndersyksresultaten presintearre by it Kulturele Haadstêd-projekt Lân fan Taal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)