BZN-artysten Jan en Anny yn Wytmarsum "Just an Illusion"

15 okt 2017 - 10:37
Anny Schilder en Jan Keizer - Foto: ANP

It optreden dat de BZN-artysten Jan Keizer en Anny Schilder jaan soenen op it Oktoberfest yn Wytmarsum, giet sneintemiddei net troch. Anny Schilder is siik. Foarich jier gong it optreden fan deselde artysten yn Wytmarsum ek al net troch, doe fanwege sykte by Jan Keizer. Foaral foar de fans fan BZN is dit hiel sneu, seit de organisaasje fan it oktoberfest. As kompensaasjes kin elkenien fergees de feesttinte yn. Dêr spilet de doarpsband Delta V.

Stim kwyt

Neffens Menno Muis fan it boekingskantoar fan Jan en Anny is Anny Schilder har stim kwyt. "Vrijdag ging het al wat minder, bij een optreden in Leek, en gisteren was het helemaal mis. Ze is haar stem gewoon kwijt. Dat komt door een verkoudheid. Nu moet ze een aantal dagen rust houden."

In soad jild

Finansjeel is it in behoarlike strop foar de organisaasje. "Sokke artysten as Jan en Anny dogge de make-up net op in bankje midden yn de feesttinte," seit Eppie Otter fan it Oktoberfest. "We ha hjir in soad jild yn stutsen, en we moatte noch mar sjen oft we dat werom krije." De leden fan de band Delta V hiene graach yn it foar- en neiprogramma spylje wollen fan de helden fan har âlders, seit Otter. "Dy dream donderet no ek yn mekoar."

Fjouwer oere nachts

Dat it twa kear op rige sa mis giet, dat hie de organisaasje net ferwachte. "De kâns dat je de steatslotterij winne, is grutter. Mar de sûnens giet foar alles." Otter besiket noch in ferfangende act te finen, mar yn 12 oeren is dat net maklik. "We waarden fannacht om fjouwer oere belle mei it nijs. No, dan ha je net samar wat oars."

Takom jier

Nei twa kear gjin Jan en Anny is foar de Wytmarsumers de lol der wol ôf, seit Otter. "We binne der klear mei. Takom jier boeke we se net wer. We sykje wol wat oars."

Just an Illusion (1983) wie de lêste hit fan BZN dy't yn de top 3 fan de Nederlânske top 40 telâne kaam.

(Advertinsje)
(Advertinsje)