FIDEO: Klokken klinke as fjoerpeloton by betinking Mata Hari

15 okt 2017 - 08:09

It wie moarns betiid. Kertier oer seizen. Yn Parys. Tolve knallen út tolve gewearen makken in ein oan it libben fan Mata Hari. Op de dei ôf 100 jier lyn. Dat is sneintemoarn betiid betocht yn de doarpstsjerke fan Huzum, ek om kertier oer seizen, mei 12 slaggen fan de klok.

Neffens de organisaasje wie de betinking, dêr't plak wie foar 200 minsken, fier yn it foar al stiif útferkocht, en wie der in wachtlist fan minsken út it hiele lân dy't der no net by wêze koenen.

Trefwurden: 
Mata Hari Huzum betinking
(Advertinsje)
(Advertinsje)