Soarchkompleks Sint-Anne evakuearre fanwege brân

In part fan in soarchkompleks yn Sint-Anne is yn de nacht fan sneon op snein ûntromme fanwege in brân. Trettjin minsken moasten tydlik harren appartemint ferlitte. De brân ûntstie yn ien fan de wenningen op de tredde ferdjipping fan soarchkompleks De Beuckelaar.
Reek
It wie in lytse brân mar der wie in soad reek. De bewenner fan it appartemint wie ynearsten fermist mar waard úteinlik fûn yn de reek. Hy is troch ambulânsepersoniel neisjoen mar koe dêrnei gewoan werom nei de opfang yn it soarchsintrum. De twa plysjes dy't der as earste wienen soenen ek reek binnen krigen ha. Se binne fersoarge troch ambulânsepersoniel.
Werom nei hûs
De evakuaasje is rêstich ferrûn, seit in wurdfierder fan de brânwacht. De bewenners koene letter yn de nacht werom nei it eigen appartemint, útsein de bewenner fan de keamer dêr't de brân wie.
Opwaarmplaatsje
It appartemint dêr't de brân wie is bot skanseare en kin foarearst net bewenne wurde. In opwaarmplaatsje soe de oarsaak fan de brân west ha kinne, seit de brânwacht, mar ûndersyk moat útwize oft dat ek echt sa is.