Basketballers Aris ferlieze fan Zwolle

14 okt 2017 - 21:44

De basketballers fan Aris Ljouwert binne sneontejûn tsjin it earste ferlies fan it seizoen oanrûn yn de Nederlânske basketbal league. Landstede Zwolle wie in maatsje te grut. Yn de earste thúswedstriid yn sporthal it Kealledykje waard mei 61-81 ferlern. De winst fan Zwolle kaam fia de kwartstannen 17-22, 24-38, 41-54 en 61-81 ta stân.

Aris en Zwolle wiene oant sneon de koprinners yn de basketbal league, nei't beide klups harren earste twa kompetysjewedstriden wûn hiene. Zwolle is no allinnich koprinner.

Trefwurden: 
basketbal Aris
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)