Winst foar iishockeyers UNIS Flyers yn BeNe-league

14 okt 2017 - 21:16
Foto: Martin de Jong

De iishockeyers fan UNIS Flyers fan It Hearrenfean hawwe sneontejûn de twadde wedstriid yn de BeNe-league yn en tsjin Luik wûn. It waard 6-3 foar de ploech fan Mike Nason, nei de perioadestannen 1-1, 3-0 en 2-2.

Luik kaam oan 'e ein fan de earste perioade op foarsprong troch in goal fan Yoren de Smet. Lang koene de Belgen net fan de foarsprong genietsje. Marco Postma makke inkelde minuten letter de 1-1 nei in assist fan Adam Bezak. De Flyers kamen yn de twadde perioade op in 2-1 foarsprong troch in goal fan Lars van Edel. Se bleaune oanfallend spyljen en krekt foar de ein fan de twadde perioade bouden Ronald Wurm en Marco Postma de skoare fierder út nei 4-1.

Adam Bezak makke yn de tredde perioade de 5-1 en de 6-1 foar de Flyers. Luik kaam noch ta 6-3 fia Nick Rivait en Alexandre Bremer, mar fierder lieten de Flyers it net komme.

Trefwurden: 
iishockey UNIS Flyers
(Advertinsje)
(Advertinsje)