Follybalsters VC Snits te sterk foar Eurosped

14 okt 2017 - 21:14
De follybalsters fan Snits - Foto: Martin de Jong

De follybalsters VC Snits hawwe sneontejûn ek de twadde wedstriid fan it seizoen wûn. De ploech fan trainster Petra Groenland wie yn eigen hûs mei 3-0 te sterk foar Eurosped út Vroomshoop. De setstannen wiene 25-23, 25-21 en 25-13.

Snits like de earste set ienfâldich binnen te heljen, mar Eurosped knokte har werom yn de set en kaam oant 24-23. Op it twadde setpunt helle Snits de set binnen. Yn de twadde set naam Snits wer in foarsprong, mar Eurosped kaam opnij werom. Fierder as 25-21 liet Snits it net komme. Eurosped kaam der dêrnei yn de tredde set net mear oan te pas. Snits wûn de tredde set mei 25-13.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)