Eppie Dam nimt Gysbert Japicxpriis yn ûntfangst

14 okt 2017 - 18:05
Utrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan Eppie Dam - Foto: Twitter @Tresoar

Eppie Dam hat sneontemiddei de Gysbert Japicxpriis yn ûntfangst naam. Hy krige de priis út hannen fan deputearre Sietske Poepjes foar de dichtbondel 'Fallend ljocht'. De priis bestiet út in bedrach fan 10.000 euro en is útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân. De provinsje Fryslân rikt de Gysbert Japicxpriis om it oare jier út, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy.

Eppie Dam is njonken dichter ek skriuwer, oersetter en poëzyresinsint. Hy wie earder learaar yn it basisûnderwiis. Sûnt syn debút yn 1978 publisearre hy ferskate boeken. Neist poëzy skriuwt Eppie Dam ek ferhalen, berneboeken en lietebondels.

(Advertinsje)
(Advertinsje)