Tûzenen besikers meitsje lêste rûntsje oer rotonde De Jouwer

14 okt 2017 - 17:32

Tûzenen minsken binne sneon nei De Jouwer kaam foar in lêste rûntsje oer de rotonde. It ferkearsplein is de lêste sneldykrotonde fan Nederlân. Foar it ôfskied is in wiidweidich programma optúgd. Der kin mei de soleks, op 'e fyts, op skeelers, dravend en kuierjend in lêste ronde makke wurde. It publyk koe de rotonde ek noch fanút grutte hichte besjen, dêrfoar wie der spesjaal in helikopter yn de loft. 

It ferkear op de A7 en de A6 is no ferbûn fia fly-overs. 

Trefwurden: 
rotonde De Jouwer
(advertinsje)