Harkemase Boys ferliest yn blessueretiid fan Quick Boys

14 okt 2017 - 17:04

Treddedifyzjonist Harkemase Boys hat sneontemiddei op it lêste momint de winst út hannen jûn op besite by Quick Boys. It waard 3-2 foar de thúsklup út Katwyk.

De Harkiten kamen nei acht minuten op foarsprong troch in goal fan Jan Hooiveld en noch foar it skoft waard it 2-0 troch in rake kopbal fan Jesse Renken. Oan it begjin fan de twadde helte krige Quick Boys in strafskop en Yordi Teijsse sette de 2-1 foar Quick Boys op it skoareboerd. De thúsploech gie dêrnei op syk nei de lykmakker en wie ek sterker as Harkemase Boys. By de Boys waard earst Jens Jurn Streutker en dêrnei Jim de Leeuw fan it fjild stjoerd mei in reade kaart, sadat Harkemase Boys de wedstriid mei njoggen man einige. Yn de 92e minút krige Quick Boys opnij in strafskop takend en it wie opnij Yordi Teijsse dy't de penalty naam: 2-2. In minút letter makke Arie de Vreugd de winnende 3-2 foar Quick Boys.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
(Advertinsje)
(Advertinsje)