ONS Snits wint by VVOG

14 okt 2017 - 16:28

ONS Snits hat sneontemiddei de útwedstriid tsjin VVOG yn Hurderwyk wûn. It waard 2-1 foar de Snitsers troch doelpunten fan Curty Gonzales en Serge Fatima. ONS is no de nûmer fjirtjin fan de tredde difyzje, VVOG de nûmer trije. Foar VVOG wie it it earste ferlies.

ONS kaam nei fjirtich minuten spyljen op 1-0 troch in doelpunt fan Curty Gonzales. Yn de twadde helte makke Jeffrey Arends de lykmakker foar VVOG. De Snitsers setten oan en Serge Fatima makke yn de 70e minút mei in hurde kopbal de 2-1. In let slotoffinsyf fan VVOG mocht net mear helpe, ONS krige romte mar fergeat te skoaren. Foar de Snitsers wie it de twadde oerwinning fan it seizoen.

Trefwurden: 
ONS Snits fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)