Brief gemeente oan âlden oer alkoholgebrûk jongerein

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel hat âlden yn de gemeente yn in brief wiisd op it alkoholgebrûk troch de jongerein. Oanlieding binne de lêste Agraryske Dagen, ein septimber. Fjouwer minderjierrige bern rekken siik fan de drank, twa famkes fan 14 en 16 jier moasten sels nei it sikehûs.
Neffens wethâlder Caroline de Pee nimt it oantal jongerein dat drinkt ôf, mar nimme de eksessen ta. Jongerein drinkt thús yn en nimt sterke drank yn wetterfleskes mei, sadat it net opfalt. Mei de brief wol de gemeente de âlden nochris wize op de gefaren fan it drinken fan alkohol troch jongerein.