Byld Mata Hari yn âlde steat wersteld; tentoanstelling iepen

It byldsje fan Mata Hari op Over de Kelders yn Ljouwert is wer yn âlde gloarje wersteld. Byldhouwer Ben van der Geest hat de saneamde flappen fan de holletoai wer neimakke fan brûns. Santjin jier miste dy toai al fan it byld omdat fandalen it der ôfbrutsen hiene en yn it wetter smiten. It wie noch wol in put om it allegearre klear te krijen, omdat der eins gjin goeie mallen wiene fan de 'flappen'. Mar úteinlik fûn Van der Geest in gipsen mal en koe hy der mei oan de slach. It byldsje is no wer te besjen op it plak dêr't it altyd al stie.
De tentoanstelling oer it libben fan Mata Hari is sneon iepene yn it Fries Museum yn Ljouwert. Der kamen op de earste dei in soad besikers op ôf.