Famke (16) oantaast ûnder Frjentsjerter fiadukt

© Google Street View
De plysje siket noch hieltyd nei de man dy't yn Frjentsjer in 16-jierrich famke oantaast hat. Se fytste freedtemoarn fan de Dreeslaan nei de H.W. Tilanusstraat doe't in man har ûnder it fiadukt fan de rûnwei oanspruts. Dêrnei pakte hy it famke by de earm en taaste har oan.
It famke koe loskomme en naaide út. Dêrnei is fia har skoalle de plysje warskôge. Neffens de plysje giet it om in donkere man mei krolhier. Hy soe in jier of 30 âld wêze, en 1.70 meter lang. Hy hie in donkerblauwe trui oan, en spruts breklik Nederlânsk. De plysje freget tsjûgen om har te melden. Skoalbern wurdt oanret om de kommende tiid yn groepkes te fytsen.