Switserske militêren komme nei Nederlân foar fleantúchwjuk

14 okt 2017 - 13:44
Foto: Anneke Faber

Anneke Faber fan Bitgum hat de fleantúchwjuk dy't by har op it dak lei oerdroegen oan definsje. De wjuk is fan ien fan de Switserske fleantugen dy't ferline jier mei mekoar yn botsing kamen boppe Bitgum. Majoar Aalberts hat de wjuk freed ophelle en sil him nije wike oerdrage oan fertsjinwurdigers fan de Switserske loftmacht, dy't hjir spesjaal foar nei Nederlân komme. Frou Faber hat as tank fan definsje in boek krigen oer de berging fan in fleantúch út de Iselmar ferline jier.

De wjuk is nei alle gedachten direkt nei de crash by frou Faber op it dak telâne kaam. Dêr hat er mear as in jier lein, sûnder dat ien it yn de gaten hie, oant er by in septimberstoarm fan it dak waaide. Doe ûntduts frou Faber ek dat hat hûs skansearre rekke is troch de wjuk. Dy skea sil fergoede wurde.

De twa Switserske F-5's fan Patrouille Suisse klapten opinoar by de Loftmachtdagen yn juny ferline jier. Ien fleantúch stoarte dêrnei del. De piloat koe himsels rêde mei de sjitstoel. Der rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Bitgum F5 cracsh fleantúch
(advertinsje)
(advertinsje)