Sânhûndert metaaldetektearders metaaldetektorje yn Aldhoarne

14 okt 2017 - 12:36

Hûnderten skatsikers út de hiele wrâld wei binne mei de metaaldetektor op syk nei de sulverskat fan Aldhoarne. Dêr fynt it grutste metaaldetekorevenemint fan Nederlân plak. Neffens Karin Kooistra fan de organisaasje binne der sa'n 700 besikers op ôf kaam. Dy komme ûnder oaren út Amearika, Ruslân, Turkije, Dútslân en Frankryk.

Metaaldetektorsykjen is normaalwei in yndividuele hobby, mar dochs komme faak in protte minsken by mekoar op soksoarte fan metaaldektoreveneminten. Dat komt ûnder oare omdat der prizen te winnen binne mei metaaldetektorrally's. En dielnimmers fine it leuk om mei oare leafhawwers oer de hobby te praten.

Trefwurden: 
metaaldetektor Aldhoarne
(Advertinsje)
(Advertinsje)